Earste houlik yn Marsumer mûne

18 maaie 2001 - 00:00

Sûnt koart is it mooglik om yn de mûne fan Marsum te trouwen. Freed is it earste houlik sletten yn de mûne. Wilo Hofman en Jeltje Boorsma joegen mekoar dizze dei it ja-wurd.

Op 1 maaie lêstlyn hat de gemeente Menameradiel besletten dat ek hjir minsken trouwe meie. De mûne docht fierder ek tsjinst as leslokaasje foar de oplieding fan frijwillige mûnders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)