Earste hert Skylge deasketten

09 feb 2009 - 19:14

It earste bist fan de keppel herten op Skylge is moandeitemiddei deasketten. Oan de ein fan de dei koe de ploech jagers ien fan de bisten reitsje. Sûnt moandeitemoarn wurdt besocht de keppel herten ôf te sjitten. Earder hat it ministearje fan Lânbou besocht de bisten te ferdôvjen en werom nei de wâl te bringen.

De Partij voor de Dieren is tsjin de jacht op ´e drachtige herten en begjint dêrom in e-mailaksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)