Earste heale finale PC bekend

01 aug 2012 - 15:24

Mei in soad muoite hawwe de PC-winners fan foarich jier de heale finale berikt. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger wûnen mei 5-4 en 6-4 fan it striidbere earste-klaspartoer Michiel Scheepvaart, Jacob Zaagemans en Gert-Jan Meekma.

Yn de earste omloop hiene Van der Bos c.s. it ek al dreech tsjin it partoer fan Haye Jan Nicolai. Yn de heale finale spylje se tsjin it partoer fan Johan van der Meulen dat earder it trio Jan Dirk de Groot fersloech.

 

Twadde omloop

1.Jan Dirk de Groot tsjin 4.Johan van der Meulen 3-5 0-6
6.Michiel Scheepvaart tsjin 7.Gert-Anne van der Bos 4-5 4-6
9.Martijn Olijnsma tsjin 12.Bauke Triemstra 5-3 6-2
14.Hendrik Tolsma tsjin 15.Jelte-Pieter Dijkstra 5-0 6-0


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)