Earste gebouwen Saailân klear

15 sep 2011 - 15:27
  • De kontoeren wurde al sichtber (foto: Omrop Fryslân)
  • De âlde situaasje (foto: Omrop Fryslân)

De earste gebouwen op it nije Saailân yn Ljouwert binne gebrûksklear. Oer in jier moat it Nij Saailânprojekt klear wêze. Underwilens wurdt hurd fierder wurke yn it sintrum fan de haadstêd. De earste winkel is al iepen en fan it wykein binne de earste apparteminten te besjen. De kontoeren fan it nije Fries Museum binne ek al sichtber.

Winkels en wenten binne om de krystdagen hinne klear, it Fries Museum maaie takommen jier. Septimber 2012 wurdt de bou ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)