Earste Fryske twitterdei

17 apr 2012 - 15:08
  • Twitter

Kommende tongersdei is troch it kampanjetiim fan Praat mar Frysk útroppen ta earste Fryske twitterdei. De idee is dat tongersdei safolle mooglik minsken Frysktalige tweets de wrâld yn stjoere. Oft dêrbij flaters makke wurde, makket neffens de organisatoaren net safolle út. Bekende Friezen as politika Lutz Jacobi en sjonger Tim Douwsma dogge mei oan de aksje.

De bedoeling is dat de earste Fryske Twitterdei trending topic wurdt, in súksesfol ûnderwerp op twitter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)