Earste Fryske rubberpave dyk

13 aug 2014 - 11:51
  • Jansma Drachten

Oannimmersbedriuw Jansma yn Drachten begjint yn septimber mei it oanlizzen fan de earste rubberpave dyk yn Fryslân. Kommende moanne sil der in proeftrasee oanlein wurde yn Gerkeskleaster. It giet om in stik dyk fan 500 meter lang.

Rubberpave is in soarte fan asfalt dêr't rubber fan recycle autobannen yn ferwurke wurdt. It grutte foardiel fan dit asfalt is dat it in grutte lûdsreduskje opsmyt. Boppedat soe it langer meigean as oar lûdsredusearjend asfalt, sa seit direkteur George Kempenaar fan Jansma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)