Earste Fryske Matteuspassy

28 mrt 2009 - 17:53

Yn in folle Grutte Tsjerke yn Ljouwert is sneon de earste Fryske Matteuspassy útfierd. Der kamen in lytse 500 minsken op ôf. De Fryske fersy fan de Mattheus Passion fan J.S. Bach is in inisjatyf fan skriuwer Eppie Dam en dirigint Gerben van der Veen fan it Hearrenfeanster keamerkoar Capella 92.

Eppie Dam sette de teksten fan de wrâldferneamde komposysje oer yn it Frysk. Neist it Feanster keamerkoar diene der ek learlingen mei fan trije Fryske middelbere skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)