Earste Fryske keatskrite

04 sep 2010 - 16:09

Yn Winsum is sneontemiddei de earste keatskrite fan Fryslân iepene. Dat is in beheind, ynkleure en beline keatsfjild op in hurde ûndergrûn. Op de keatskrite kinne bern op in maklike en leechdrompelige wize keatsen leare.

Doel is om sa it jeugdkeatsen te befoarderjen. It is te fergelykjen mei de Cruijf courts foar it fuotbaljen. De keninklike PC hat de keatskrite yn Winsum finansjeel stipe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)