Earste Fryske Iisman-ynstrukteur siket kursisten

21 feb 2015 - 12:47
  • Hayo Bootsma lit him yn it iiskâlde wetter sakje
  • Evert Hettema is de earste Fryske iceman-ynstrukteur

Fryslân hat syn eigen 'Iceman'. It giet om Evert Hettema fan Ljouwert. Hy is de earste Fries dy't him ynstrukteur neame mei yn de Wim Hof metoade. Mei dy metoade leare minsken hoe 't se it lichem suverje kinne troch middel fan sykheljen. Hy leart ek hoe't omgien wurde kin mei kjeld. Ynkoarten jout Hettema syn earste worksjop yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert. Minsken dy't ynteresse ha kin har oanmelde fia bogaeuropa@gmail.com.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)