Earste Fryske feteranedei

25 jan 2008 - 17:37

Fryslân krijt dit jier foar it earst in eigen feteranedei, omdat it meidwaan oan de lanlike feteranedei yn Den Haach foar in soad feteranen te dreech wurdt.

De Fryske feteranedei sil hâlden wurde yn de Kristlike Hegeskoalle yn Ljouwert. Studinten sille op dizze dei de feteranen ynterviewe en dit yn boekfoarm útbringe. Der wenje yn Fryslân sa'n 800 feteranen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)