Earste Fryske eko-auto

09 sep 2014 - 18:49
  • Frisian Eco Car

Op ROC Friese Poort yn Ljouwert is tiisdei de earste Frisian Eco Car presentearre. De duorsume auto rydt op sinne-enerzjy en is betocht en makke troch mbo-learlingen dy't stipe krige fan dosinten en it bedriuwslibben. It idee om in duorsume auto te ûntwikkeljen kaam yn oktober foarich jier. De earste ferzje fan de skjinne auto kin mei goed opladen akku's maksimaal 70 kilometer yn de oere ride. Hy mei foarearst noch net op de iepenbiere dyk ride om't de RDW dêr noch gjin tastimming foar jûn hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)