Earste Fries mei alkoholslot

06 des 2011 - 09:59

In 31-jierrige automobilist út Noardburgum krijt as earste Fries in alkoholslot yn de auto. De man waard sneintejûn by in alkoholkontrôle yn syn wenplak trapearre op it riden mei drank op. By de azemanalyze die bliken dat er safolle dronken hie, dat er yn oanmerking komt foar in alkoholslot.

Sûnt 1 desimber wurdt it alkoholslot ferplichte ynboud yn de auto as in bestjoerder by it blazen boppe in bepaalde noarm útkomt. De automobilist moat ek in begeliedingsprogramma folgje. By in alkoholslot moat de bestjoerder earst blaze. As it apparaat oanjout dat de bestjoerder net te folle dronken hat, kin er starte. Wegeret in bestjoerder it alkoholslot, dan wurdt syn rydbewiis ynnaam foar op syn minst fiif jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)