Earste fluchten mei Cougar-helikopter fan de eilannen ôf

03 jan 2015 - 17:29
  • In legerhelykopter op it dak fan it sikehûs yn Ljouwert

De earste fluchten mei pasjinten fan de waadeilannen binne sneon útfierd troch de Cougar-helikopter fan definsje. Sneontemoarn is in flucht dien fan Skylge ôf. Middeis wie der in flucht fan Flylân ôf. Beide pasjinten binne nei it MCL yn Ljouwert brocht.

It pasjinteferfier wurdt sûnt 1 jannewaris dien troch de definsjehelikopter. Yn de takomst sil RAV Fryslân it ferfier fersoargje, mar de helikopter dy't dêrfoar brûkt wurde sil is noch net klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)