Earste flechtlingen oankaam yn Oerterp

24 nov 2015 - 17:10
  • De earste flechtlingen komme oan yn Oerterp

Yn Oerterp binne tiisdei de earste flechtlingen, in groep fan achttjin minsken, oankaam. Se binne ôfkomstich út de krisisopfang fan Zoetermeer. De flechtlingen komme út Syrië, Afganistan, Irak en út Sina. Boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân ûntfangt de minsken. Der is noch in bus mei in groep fan fyftich minsken ûnderweis.

Oerterp soe mei-inoar 150 flechtlingen ûnderdak jaan. Oft der tiisdeitejûn of woansdeitemoarn minsken noch mear bykomme, is ûnwis. De gemeente Opsterlân wit dat ek net. It COA beslút soks op it lêste momint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)