Earste flechtlingen oankaam by it WTC Expo yn Ljouwert

16 okt 2015 - 14:40

De earste bussen mei flechtlingen binne freedtemiddei oankaam by it WTC yn Ljouwert. It giet om twa bussen mei minsken dy't yn de opfang yn Kollum sieten. De bussen ride troch de stekken, sa wurde de flechtlingen út it sicht hâlden.

By it WTC steane goed 70 minsken dy't de flechtlingen wolkom hjitte wolle. Letter freedtemiddei demonstrearje tsjinstanners fan Eigen Volk Eerst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)