Earste fleantúch nei Jordanië

02 okt 2014 - 06:16
  • Antonov-transportfleantúch op Ljouwerter fleanbasis

It Antonov transportfleantúch is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ôfset fan de fleanbasis yn Ljouwert nei Jordanië. It tastel sil dêr materiaal fan de fleanbasis hinne bringe foar de IS-missy yn Irak. Ut Ljouwert wei wurde ek 250 militêren útstjoerd. Ek sille der seis F'16-s fan de basis meidwaan oan de missy. Dy meitsje nei alle gedachten 600 fleanoeren per moanne boppe Irak.

De Ljouwerters geane wierskynlik tongersdei of freed fuort. Tongersdei is der ek noch in debat yn de Twadde Keamer oer de IS-missy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)