Earste finisher Schuttevaer

04 jun 2004 - 00:00

Yn Hylpen is siler Harry Amsterdam freed as earste oankaam yn de 23e Schuttevaerrace. Tongersdei begûn de syl-triatlon yn Starum. Fia Koarnwert gie it nei it Waad. Op de eilannen moasten dielnimers hurdrinne en fytse.

Tongersdeitenacht wiene de omstannichheden frij swier troch de hurde wyn en de rein. Ferskate skippen binne op it Waad fêstrûn. Oft Amsterdam ek de winner fan de race wurdt, wurdt op sneon bekendmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)