Earste ferlies SC Hearrenfean

27 sep 2008 - 20:50
  • Michael Dingsdag

De Sportklub Hearrenfean rûn sneontejûn tsjin it earste ferlies yn de kompetysje oan. Yn Breda wûn NAC mei 4-2. Benammen yn de earste helte wiene de Feansters net by de les. Reuser iepene de skoare foar de thúsploech en Lurling ferdûbele dy foarsprong. Michael Dingsdag makke krekt foar it skoft noch wol de 2-1, mar daliks dêrnei wie Matthew Amoah twa kear de held fan Breda (4-1).

Yn de twadde helte brocht Danijel Pranjic út in pennel de einstân op 4-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)