Earste ferlies Mid-Fryslân

27 jan 2008 - 16:52

De kuorballers fan Mid-Fryslân ha snein foar de earste kear yn de haadklasse ferlern. AKC fan Almelo wûn yn sporthal De Twine fan Grou mei 21-24. Benammen yn de earste helte hie de thúsploech de foarm fan de ôfrûne wiken net. Nei 4-10 wie it by it skoft 8-12 foar AKC.

Yn de twadde helte kaam de spanning werom: 19-21. AKC wie op it lêst krekt wat tûker. Mid-Fryslân bliuwt nettsjinsteande it ferlies koprinner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)