Earste ferlies foar ONS Snits

25 sep 2011 - 13:51

Sneonshaadklasser ONS Snits is tsjin it earste ferlies fan it seizoen oanrûn. Der waard mei 2-0 ferlern fan DETO. ONS wie better, krige ek in protte kânsen, mar skoarde net.

Drachtster Boys spile knap mei 2-2 lyk tsjin koprinner CSV Apeldoorn. CSV kaam op 2-0 mar Jelle Teitsma en Said Hassan (penalty) soargen foar 2-2. De Drachtsters einigen de wedstriid mei njoggen man nei reade kaarten foar Paul de Jong en Said Hassan, wat de prestaasje noch knapper makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)