Earste ferlies fan it seizoen foar Harkemase Boys

26 sep 2015 - 16:41
  • Keeper Erick Jansema

Harkemase Boys rûn sneon tsjin it earste ferlies oan. Yn Rijssen ferlear de ploech fan trainer Jan Vlap mei 2-0 fan Excelsior '31. De Harkiten kamen nei 18 minuten op efterstân doe't de thúsploech in frije traap binnenskeat. De Boys krigen dêrnei knappe kânsen, mar slaggen der net yn de lykmakker te meitsjen.

Nei rêst wie Excelsior in stik feller, wat yn de 67e minút resultearre yn de 2-0. Keeper Erick Jansema wist yn de slotfaze in noch rommer ferlies foar te kommen.

Drachtster Boys kaam net yn aksje tsjin Flevo Boys, om't it fjild fan de Drachtsters te min is om te bespyljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)