Earste F-16's al yn Jordanië

02 okt 2014 - 18:47
  • F-16 Falcon

De earste trije Nederlânske F-16's fan fleanbasis Ljouwert dy't meidogge oan de IS-missy yn Irak, binne al yn Jordanië. Dat meldt it ANP tongersdeitejûn. Neffens boarnen yn Den Haach binne se woansdei fuortgongen. De twadde groep mei nochris trije F-16's folget gau. Ek wurde der út Ljouwert wei 250 militêren útstjoerd.

Tongersdei waard der yn de Twadde Keamer debattearre oer de IS-missy. De missy krige brede stipe fan de politike partijen. Allinnich de SP en de Partij voor de Dieren binne tsjin de missy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)