Earste ekokeunstgersfjild

19 apr 2010 - 17:18

Yn Seisbierrum is moandei begûn mei it earste ekokeunstgersfjild fan Nederlân. Al it materiaal dêr't it fjild fan makke is, is wer te brûken as it fjild ienkear fersliten is. Fuotbalferiening AVC kin der oer seis of sân wiken op spylje. De gemeente Frjentsjerteradiel stekt der fyfhûnderdtûzen euro yn.

De twa fuotbalfjilden fan de klup binne net genôch; der wurdt tefolle op spile. It nije keunstgersfjild ferfangt ien fan de twa fjilden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)