Earste duorsume dûs op it strân fan Flylân

30 apr 2015 - 22:33
  • De strândûs

Strângasten op Flylân kinne harren fan kommend wykein ôf nei in dûk yn 'e Waadsee dûse op it strân. Sneon wurdt by strânpaviljoen 't Badhuys de earste duorsume strândûs op it eilân yn gebrûk naam. De dûs draait op sinne-enerzjy en boppedat komt der grûnwetter út 'e sproeier. Dat makket it duorsum. Der wurdt yn augustus in twadde dûs pleatst op Flylân. Inisjatyfnimmer Harry Jurjens tinkt dat der takom jier mear fan dizze duorsume strândûsen op Flylân komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)