'Earste deade sûnt Srebrenica'

11 maaie 2004 - 00:00

De Frjentsjerter sersjant Dave Steensma (36) dy't moandei om it libben kaam yn Irak is de earste Nederlânske oarlochsdeade sûnt 1995. Yn dat jier kaam Dutchbatter Raviv van Renssen om it libben yn Srebrenica. De sersjant is ek de earste Nederlânske militêr dy't yn Irak om it libben komt.

Neffens militêre waarnimmers koene je op de earste Nederlânske deade wachtsje, want oant no ta sneuvelen al mear as 760 Amearikanen yn Irak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)