Earste cruiseskip nei Harns

02 maaie 2014 - 12:29
  • Cruiseskip

Harns makket him klear foar de komst fan it earste grutte cruiseskip op 6 maaie. De komst fan cruiseskippen moat de stêd en de regio in ekonomyske ympuls jaan. It skip fan de National Geographic Expeditions komt mei goed 140, foaral Amerikaanske, gasten oan board nei Harns. De cruise bestiet út in reis fan njoggen dagen fan Hamburg fia Belgïe nei Londen. De boargemaster sil dit earste skip offisjeel ûntfange. Om 12.00 oere middeis komme de gasten fan board en jûns 23.00 oere giet it skip fierder.

De gasten kinne meidwaan oan ekskurzjes nei it Planetarium en it Hannemahûs dêr't de Rembrandt-eksposysje is. Winkels ha in spesjale keapjûn en meie oant 22.00 oere jûns iepenbliuwe foar de gasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)