Earste Cito-toets foar Frysk

10 apr 2012 - 18:55
  • Bibleteekboeken

Skoallen kinne tenei it Frysk fan de learlingen mjitte mei in Cito-toets. Op it provinsjehûs is tiisdei de earste Cito-toets foar begripend lêzen yn it Frysk presintearre. Der komme ek noch toetsen om de wurdskat, de feardigens yn it lústerjen en stavering te mjitten. De toets is bedoeld foar groep 8. Neffens deputearre Tineke Schokker is de Cito-toets wichtich foar de emansipaasje fan it Frysk yn it ûnderwiis en in belangryke stap nei de erkenning fan it Frysk as folweardich fak.

De provinsje wol graach dat der mear Frysk yn it ûnderwiis brûkt wurde, ek by it jaan fan ynstruksje yn oare fakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)