Earste cd popband Mink oerlange

16 nov 2005 - 11:38

Op It Hearrenfean hat platebaas Willem van Kooten, ek wol bekend as Joost den Draaier, tiisdei de nije cd fan de band Mink oanbean oan de bandleden. De cd hat de namme Burning Photographs meikrigen en is de earste cd dy't de rockband útbringt.

Mink stiet sûnt dit jier by Van Kooten's platenlabel Red Bullet ûnder kontrakt. Ofrûne simmer brocht de band harren earste single 'Searching' út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)