Earste bus op de weromreis

02 nov 2013 - 16:05
  • By it ûngelok wiene trije touringcars belutsen
  • Der kamen in soad helpferlieners nei it plak fan it ûngelok

De earste bus mei minsken dy't belutsen wie by it slimme busûngelok by Muiden op de A1 is ûnderweis werom nei It Hearrenfean. It is ien fan de bussen mei meiwurkers fan De Friese Wouden, dy't ek ûnderweis wie nei Den Haach mar net belutsen rekke by it ûngelok. Sa gau as mooglik geane ek de oare bussen wer nei Fryslân. De minsken binne yn tuskentiid opheind yn Muiden.

De minsken dy't licht ferwûne rekken wurde yn in aparte seal holpen troch helpferlieners. De oaren wurde fersoarge mei kofje en broadsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)