Earste Bonifatiuspriis útrikt

27 jun 2009 - 09:15
  • Utrikking fan de Bonifatiuspriis

It bedriuw Health2Work út Surhústerfean hat freedtejûn de Bonifatiuspriis wûn. Dizze ûndernimmerspriis foar noardeast Fryslân waard foar it earst útrikt. It bedriuw krijt in bedrach fan 3000 euro . De twa oare finalisten wiene ZwemCentrum Kollum út Kollum en Drukkerij Douma út Dokkum.

Fan alle finalisten hie Health2Work it bêste konsept. It bedriuw jout ûnder oaren advys en workshops oer ergonomysk ferantwurde kantoarmeubilêr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)