Earste blik yn nij museum

10 sep 2013 - 12:58
  • De tentoanstelling oer âld jild
  • Der is ek in tentoanstelling mei de namme Horizon

Der is jierren wurke oan in nij Fries Museum oan it Saailân yn Ljouwert. Kommende freed wurdt it museum iepene troch Keninginne Maximá. De parse krige tiisdei in foarpriuwke om de trije útstallings yn it museum te sjen.

Oer trije ferdjippings binne der it ferhaal fan Fryslân oer hoe't Fryslân ûntstien is en wat typysk Frysk is, in ekposysje oer âld jild mei in bydrage fan Jort Kelder en de tredde tentoanstelling Horizon giet oer moderne keunst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)