Earste blauwe kaart by keatsen

11 aug 2002 - 00:00

Keatser Henk Vlietstra hat snein yn Menaam de earste blauwe kaart yn de keatsskiednis krigen. De blauwe kaart bestiet sûnt dit seizoen.

Foarhinne moasten skiedsrjochters mûnling in warskôging jaan, yn it bywêzen fan tsjûgen. Dat liede ferline jier ta in rjochtsaak, reden om lykas by oare sporten kaarten yn te stellen. Vlietstra wie net bliid mei de primeur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)