Earste bewenner fertreksintrum

03 nov 2004 - 17:14

De earste bewenner fan it nije ûnderdaksintrum yn Ljouwert is woansdei arrivearre. It giet om in allinnichsteande asylsiker út Syrië. Hy sit no noch allinnich yn it eardere azc Burmania oan de Troelstrawei.

De kommende dagen en wiken wurde noch mear asylsikers ferwachte. Mear as 150 asylsikers ha har melden foar in plakje yn it nije ûnderdaksintrum. It giet om flechtlingen dy't útprosedearre binne en frijwillich werom wolle nei har lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)