Earste 'belestingskip' doopt

07 jan 2001 - 17:28

Yn Harns is sneon it earste skip doopt dat foar in part betelle is mei jild fan partikulieren. Mear as hûndert belangstellenden en jildsjitters wiene by de plechtichheid foar 'harren Aegir'.

It skip is boud by Damen Shipyard yn Burgum. In soad doarpelingen dogge dan ek mei oan de regeling. Per 1 jannewaris is der gjin belestingfoardiel mear te beheljen mei ynvestearrings yn in skip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)