Earste apteekrobot pleatst

10 mrt 2009 - 11:48
  • De robotapteek wurdt pleatst

Medisinen moatte tenei op it Fryske plattelân út automaten helle wurde. Tiisdei is de saneamde earste apteekrobot pleatst yn Aldebiltsyl. It doel is dat de folgjende op It Amelân komt te stean. En dêrnei komme der mear plakken oan bar.

Sa wolle húsdokters it útjaan fan medisinen op peil hâlde want troch skaalfergrutting ferdwine der hieltyd mear apteken op it Fryske plattelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)