Earste alvetal VWC op snein

10 mrt 2010 - 07:16

It earste alvetal fan fuotbalferiening VWC spilet syn wedstriden tenei op snein. Dat hawwe de leden tiisdei besletten op in ekstra ledegearkomste. Earder die út in enkête ek al bliken dat de measte leden foar it spyljen op snein binne.

VWC is ûntstien troch in fúzje tusken fuotbalferienings VOG út Munnikebuorren en De Westhoek út Skerpenseel. Fan dy lêste feriening spile it earste alvetal altyd al op snein, by VOG wie dat op sneon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)