Earste aai Tytsjerksteradiel

17 mrt 2010 - 12:29

It earste ljipaai fan Tytsjerksteradiel is tiisdei fûn. Durk van Wier fan Dronryp fûn it aai ein fan de middei yn it Suwâldsterfjild. Boargemaster Polderman hat it aai woansdei yn ûntfangst naam. Sa'n 15 jier lyn fûn Van Wier it earste aai fan Frjentsjerteradiel.

It earste ljipaai fan Achtkarspelen is woansdei om healwei twaen fûn troch Tjebbe Hansma út Surhuzum. Hy fûn it oan de Legeloane by Stiensgea. De boargemaster nimt it aai oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)