Earste aai op Lytje Pôle

16 mrt 2009 - 14:21
  • Boargemaster Swart dwaande mei it lotterjen fan it aaike (foto Ilja Zonneveld)

Ofrûne sneon fûn Klaas de Vries (65) om 16.30 oere yn it maislân oan it Koaipaad it earste ljipaai fan Skiermûntseach. Klaas hie de ljip earder dy wike al fleanen sjoen mei stikjes strie. Doe't de ljip sneon achter in roek oan fleach wist er dat it safier wie.

De ljip fleach net gelyk nei it nêst werom en sadwaande hie De Vries de kâns om it nêst te besjen en it aaike mei te nimmen. De Vries fûn al fjouwer kear earder it earste aai fan it eilân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)