Earste aai Littenseradiel fûn

10 mrt 2012 - 16:29
  • Ljipaai

It earste ljipaai fan de gemeente Littenseradiel is sneontemiddei fûn. Isaak de Vries (22) seach it lizzen by útbuorren It Wiel by Weidum. Isaak wie oan it aaisykjen tegearre mei syn maat Erik Visser. De earste meldings-sms fan Isaak stiet op 15.20 oere. De aaien moatte per sms offisjeel oanmeld wurde by it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten.

Boargemaster Liemburg nimt it aai sneontemiddei offisjeel yn ûntfangst.
Sneontemoarn waard it earste ljipaai fan Fryslân fûn by Aldehaske, It wie ek it earste ljipaai fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)