Earste aai Lemsterlân fûn

11 mrt 2009 - 10:49

Wiebren Jansma fan Eastersee hat woansdeitemoarn foar de fyfde kear it earste ljipaai fan Lemsterlân fûn. Hy fûn it aai krekt foar tsienen yn de Lemster Hop, in polder by Bantegea.

It Bûn foar Fryske Fûgelbeskermingswachten, it BFVW, hat de fynst befestige. Jansma fûn yn 1968, 1980, 1982 en 2007 ek al it earste ljipaai fan de gemeente. It aai wurdt woansdeitemiddei om trije oere oanbean oan boargemaster Stellingwerf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)