Earste aai Gaasterlân fûn

11 mrt 2009 - 12:03

Yn Gaasterlân-Sleat is it earste ljipaai tiisdeitemiddei fûn, by Kolderwâlde. Gelke_Broersma fan Koudum en Johannes_van_der_Wal fan Balk fûnen it aai om likernôch kertier oer fiven yn it stik lân tsjinoer it gebou dêr´t yn it ferline in kafee siet.

It twatal fûn ferline jier ek al it earste ljipaai fan Gaasterlân-Sleat. Ek fûnen se doe it earste aai fan Nijefurd. Jûn wurdt it aai oanbean oan boargemaster Hoornstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)