Earste 3-talige dosinten klear

17 sep 2014 - 18:57

De earste lichting trijetalige basisskoalle-dosinten is klear mei harren oplieding. De fiif studinten fan de Ljouwerter hegeskoallen Stenden en NHL kinne foar de klasse alle fakken jaan yn it Frysk, Ingelsk of Nederlânsk.

Der is op it stuit in groeiend ferlet fan sokke dosinten om't der hieltyd mear basisskoallen binne dy't graach yn dizze trije talen les jaan wolle. Om dy skoallen temjitte te komen binne Stenden en NHL yn 2011 mei de trijetalige learare-oplieding begûn.

De earste lichting fan de nije oplieding bestie út acht studinten en fiif dêrfan hawwe no harren diploma. Sûnt dit jier wurdt de trijetalichheid yn de gewoane learare-oplieding oanbean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)