Earst noch gjin noed oer firus

17 des 2011 - 13:20

Fryske feehâlders meitsje har foarearst noch gjin grutte soargen oer it Schmallenbergfirus. Dat firus hat der yn inkele gefallen foar soarge dat skiep en kij misfoarme lamkes en keallen smiten ha. It giet om in nije sykte dy't koartlyn ûntdutsen is yn Dútslân. Der is in ferbân mei in útbraak fan skiterij en koarts by kij ôfrûne simmer. Der wurdt folop ûndersyk dien nei de oarsaak fan it firus. Der is op dit momint gjin gefaar foar de folkssûnens, om't it firus net oerdraachber is fan bist op minsk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)