Earst nije trein komt tiisdei

04 aug 2006 - 10:48

De earste fan de 43 nije treinen fan ferfiersbedriuw Arriva komt no tiisdei oan yn Nederlân. De nije trein komt by Nieuweschans oer de grins. De masjinist fan de fabrikant draacht him dan oer oan in kollega fan Arriva.

De dagen dêrnei is de trein te sjen op it stasjon yn Ljouwert. Arriva keppelet ek noch in wedstriid oan de komst fan de earste nije trein. Wa't him it moaist op de foto set, krijt in skilderij fan dy foto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)