Earst gjin stappen tsjin Waadgas

24 apr 2005 - 16:38

Der komme foarearst gjin juridyske prosedueres tsjin it winnen fan gas ûnder de Waadsee. Dat is sneon dúdlik wurden by de jierlikse ledegearkomste fan de Waadferiening yn Den Helder.

Ferûntrêste leden woene nei de rjochter stappe om te protestearjen tsjin de gasboarrings. Advokaat Veltman koe de leden der lykwols fan oertsjûgje dat dat foarearst gjin doel hat, om't de fergunnings foar gaswinning pas takom jier útjûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)