Earst gjin proefboarringen

10 okt 2002 - 00:00

Proefboarringen yn de Tsjûkemar geane foarearst net troch. Troch in útspraak fan de Steatsrie komt de boufergunning foar in boartoer fan TotalFinaElf te ferfallen. It útstel kin neffens de gemeente Skarsterlân twa jier duorje.

De aksjegroep is bliid mei de fertraging. De groep is benaud foar lûdsoerlêst en fynt in boarynstallaasje net passend yn it lânskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)