'Earst gjin gaswinning mear'

17 nov 2009 - 21:56

Deputearre Galema ferwachtet dat der de kommende tsien jier net mear nei gas boarre wurde sil oan de noardwestkant fan Frjentsjer. Oanlieding is in ûndersyksrapport fan it Staatstoezicht op de Mijnen nei de grutte boaiemdelgong yn it gebiet.

De boaiem sakket op syn minst mei 28 sintimeter. Dat is tsien sintimeter mear as dêr't troch gas- en oaljebedriuw Vermilion op rekkene wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)