Earrebarrenêst nei 40 jier

03 maaie 2004 - 00:00

Nei fjirtich jier is in nêst mei earrebarren yn Bûtenpost wer beset. Twa fûgels binne sûnt sneon drok oan it bouwen yn it houten pealnêst oan it West. It mantsje sammelt tûkjes en iten. It froutsje sit sa út en troch op it nêst dat foar de pleats fan de famylje Brandenburg stiet.

De earrebarren lûke in soad nijsgjirrige besikers. De bisten komme nei alle gedachten út Afrika.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)