Earrebarre docht it tige goed

12 jun 2010 - 12:51
  • Foto: Omrop Fryslân

Der binne yn Fryslân hast like folle earrebarren as foar de Twadde Wrâldoarloch. No binne der goed fyftich nêsten en doe sechstich. Dy sifers komme fan 'e stichting Eibertshiem foar earrebarren.

De stichting hâlde sneon it jierlikse ringjen fan jonge earrebarren. Sa kin neigien wurde wêr't de fûgels winterdeis hinne gean. It is net foar wittenskiplik ûndersyk. Yn 'e jierren santich wien de earrebarre útstoarn yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)