Earnewâld wol mear toeristen

05 des 2010 - 15:08

Der moatte mear toeristen nei Earnewâld komme. Doarpsbelang hat dêr in masterplan foar makke: it wetterfront moat kreazer, der moatte in tal apparteminten komme en trije bedriuwen op it deirekreaasjeterrein.

Ek moat de haven opsplitst wurde yn twa dielen, ien foar de bewenners en ien foar passanten. Dêrfoar moatte 30 boate-eigners út it doarp wol har lisplak opjaan. Dat soe fia natuerlik ferrin plakfine moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)